Frysk Museum

Vz, foar ús is it primêr fan belang dat Fryske kultuer, Fryske histoarje en Fryske keunstskatten bewarre bliuwe en besjoen wurde kinne troch in elk dy 't dêr belang by hat.

Yn it bysûnder foar opgroeiende jongerein hechtsje wy der wearde oan dat se al dan net yn skoalleverband geregeld musea besykje.

Wy tinke dat foar 2,75 miljoen jiers oan provinsjale subsydzje dy doelstelling foar it Frysk Museum ryklik helle moat wurde kinne.

Wy begripe dat as jo wolle dat besikers noch ris in kear werom komme jo de te toanen kolleksje regelmjittich oanpasse moatte.

Mar as jo lykas it Frysk Museum 180 tûzen foarwerpen ta dy kolleksje rekkenje kinne, moat dit
net al te besweerlik weze liket my ta.

 

It Frysk Museum moat sa 't ôfpraat is blockbusters organisearje om sa it tal besikers op pylk te bringen of eventueel te ferheegjen.

Prima plan, teminsten salang ' t dit op zn minst kosten neutraal barre kin.

Dat soe dochs net sa dreech wêze moatte, ruil oar in oerienkommen perioade de eigen kolleksje of dielen der fan mei dat fan of mear oare musea.

Dat soe yn prinsipe mei sletten beurzen kinne oatte want alle partijen profitearje.

De iennichste te meitsjen kosten binne dy foar it ferfier en foar evt. fersekeringen.

Dizze kosten soene mear as opfongen moatte wurde kinne troch de hegere opbringsten út de kaart ferkeap.

Vz , as it net op dizze of in soartgelikense manier kin , as it allinne mar kin wurkje as der wer struktureel in fracht jild achteroan moat , dan moatte we fêststelle , dat de plannen sa ' t dy yn 2006 opsteld binne in soad te ambisjeus wienen.

En dat it te heljen besikers oantal op termyn net realistysk is , dat der doe oankrige dien binne dy't fan gjin kant klopje , nei alle gedachten mei as doel om de grutte bydrage dy ' t de provinsje oan it Frysk Museum dien hat te kinnen ferantwurdzje.

Vz , ik neam noch even wat provinsjale bedragen oan it Frysk Museum: 5,5 miljoen foar de nijbou.

Kwaliteitsslag 2014: 750 tûzen euro.

Wurkje foar Fryslân: 150 tûzen euro.

Provinsjaal evenementenfonds 2018 foar it opsetten fan blockbusters: 1 miljoen euro.

Boppedat docht bliken út de boeken dat der ûnderwilens ek in aardich eigen besit is, nl. 1,8 miljoen Euro en der is 700 tûzen euro oan liquide middels.

Dêrneist liket my dat it untsammeljen ek noch wol wat jild yn it laadsje bringe kin.

Mocht it werklik sa wêze dat it untsammeljen it Frysk Museum jild kostet sa 't se skriuwe dan wol ik my graach totaal belangeloos beskikber stelle.

Vz , ik bin ree om fergees en foar neat mei in frachtauto dat part fan de kolleksje dy 't net mear winske is op te heljen.

In beltsje is genôch.

VZ, alles oereagjend haw ik it gefoel dat wy hjir al wer fan dwaan hawwe mei in rupke dat noait genôch hat.

Ik wol it hjir earst mar by litte, dank jo wol.

Volg ons op...
Neem contact met ons op via...
PVV Fryslân
Provinciehuis
Tweebaksmarkt 52
8911 KZ Leeuwarden